Aldeboarn - Wikipedy

Aldeboarn

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Aldeboarn
Flagge fan Aldeboarn Wapen fan Aldeboarn
Flagge Wapen
Lokaasje fan Aldeboarn
Gemeente Boarnsterhim
Ynwennertal (2010) 1445
Webstee Webstee fan Akkrum
de himrik fan Aldeboarn
Aldeboarn

Aldeboarn is in doarp yn de gemeente Boarnsterhim en hat likernôch 1.435 ynwenners. It doarp is fral ferneamd om de jierlikse gondelfeart.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Geografy

[bewurkje seksje] Ferbinings

Troch it doarp rint de Boarn. Fan de Boarn nei it noarden nei Smellingerlân rint De Swette; nei it suden rint de Boksleat nei De Deelen. De N392, dy't oan de súdkant fan it doarp rint, jout nei it westen ferbining mei Nes en nei it súdeasten mei De Tynje. By it Alddjip lâns jout de Beetsterdyk ferbining nei it easten mei Nij Beets. Ta de himrik fan Aldeboarn wurde ek rekkene: Jinswâlde, Easterboarn, Soarremoarre, Poppenhuzen en Warniahuzen.

[bewurkje seksje] Skiednis

Aldeboarn wie mûglik al yn de 8e ieu in wichtich hannelsplak oan de Boarn. Al yn de achtste ieu wienen der yn Fryslân twa gruttere plaaken, Nordac (Dokkum) en Bordonchorn Aldeboarn. De namme moat dus eat betsjutten hawwe as: 'yn de hoeke fan de Burdo'. Mooglik hat Aldeboarn ek muntrjocht hân, yn de 11e ieu is der in munt fûn mei it opskrift 'Bordnere'.

Yn de tiid dat de Boarn in ferbining foarme mei de Middelsee hie Aldeboarn in protte skipfeart, wat skipbou meibrocht, mei alle beroppen dy't dêrby hearre. Dat hat ek yn de nijkommende ieuen laat ta in protte nearing. Stadichoan is it belang fan it plak lykwols hieltiid lokaler wurden. Dizze ûntwikkeling hat der lykwols al ta laat dat yn it doarp in karakteristyke bou kaam, dy't no as beskerme doarpsgesicht oanwiisd is. Fuort nei de oarloch wienen der wol 10 winkellju, 10 bakkers en wol 30 plakken dêr't wat makke of ferkocht waard. Troch it ferline hawwe der noch lang skippers en skipshellingen west. Der wie doe earst noch in feartsjinst, in trijetal frachtriders en in busûndernimming. De grutste wurkjouwers wienen de Spar-gruthandel en de suvelfabryk; beide binne der no net mear.

Oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 wie it doarp in part fan de eardere gemeente Utingeradiel, dêr't it earder lang it haadplak fan west hie. Sûnt 1989 is de namme fan it doarp offisjeel Frysk.

[bewurkje seksje] Gebouwen

[bewurkje seksje] Tsjerke

Aldeboarn hie oan yn de 18e ieu in dowestienen Bonifatiustsjerke, dy't al yn de 13e ieu boud waard, doe't Aldeboarn tsjerklik in wichtich plak wie. Yn 1723 sloech it waar yn de tsjerketoer, dy't der dêrtroch sa min oan ta wie dat der in nije toer komme moast.

Hjirfan giet it ferhaal dat dy fan Aldeboarn dan ek daalks mar de heechste tsjerketoer fan Fryslân hawwe woenen. Fansels wie de heechste tsjerketoer fan Fryslân dy fan Tsjom, dat de Aldeboarnster gongen op besite yn dat doarp, en brûkten in line om de hichte fan de Tsjomster toer te te mjitten. Doe't se nei ôfrin wat dronken slagge it de Tsjomsters lykwols en snij in stik fan de line ôf. Sadwaande bleau de Tsjomster toer de heechste toer fan Fryslân. Om dit ferhaal hjitte de Tsjomsters fan Lyntsjesnijers en de Boarnsters fan Tuorkemjitters.

De toer is 1736 - 1737 op 'e nij boud, mar as dat mei dy line dien is, dan hawwe de Boarnsters it koarste stik hân yn stee fan it langste. De toer fan Tsjom is 72m, dy fan Aldeboarn is 30m.

Jancko Douwama, dy't yn 1482 yn Aldeboarn berne wie, skreau dat de Magnusfane mûglik yn de tsjerke ferhoalen wêze soe. Dy soe fermuorre wêze, en it doarp wist ek krekt op hokfoar plak fan de muorre dat wie. Lykwols binne der gjin berjochten bekend oer de fynst fan in flagge doe't der yn 1753 in nije tsjerke by de toer boud waard.

De hjoeddeiske tsjerke hat bysûndere souderskilderings, en hat in oargel út 1779.

[bewurkje seksje] Andringastate

Andringastate in state út de 17e ieu

[bewurkje seksje] De Waach

De Waach in waachgebou út 1736. Hjir sit no de Aldheidkeamer Uldrik Bottema yn.

[bewurkje seksje] It direkteurshûs

It wenhûs fan it eardere koperative suvelfabryk oan De Boarn.

[bewurkje seksje] Mienskip

De Jister is it doarpshûs fan Aldeboarn.

[bewurkje seksje] Ferienings

[bewurkje seksje] Untwikkeling fan it ynwennertal

[bewurkje seksje] Ferskaat

[bewurkje seksje] Strjitten yn Aldeboarn

Alle strjitten yn Aldeboarn.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Keppelings om utens



projektowanie stron html sosnowiec tanie rajstopy ogłoszenia dieta dukana windsurfing