Andringastate (Aldeboarn)
Andringastate is it stamhûs fan de famylje Andringa yn Aldeboarn. De state stie tichtby de tsjerke. De state wurdt neamd yn de 15e ieu. De state waard doe bewenne troch Thiart Jorrits Andringa. Dizze wie yn de 15e ieu grytman fan Utingeradiel. De Andringa’s wiene anti-Habsburch, sadat se net botte populêr wienen by it regear yn Brussel. Yn de 16e ieu hat de famylje dan ek gjin hege funksjes mear, pas nei de Herfoarming wurde se wer grytman.
De State moat ferboud wêze om 1770 hinne. Der bestiet in skets fan Andringastate fan J. Gardenier Visser. It gebou stiet dan efter in izeren stek oan de haadstrjitte tusken pylders fan natuerstien. It gebou is hielendal ûnderkeldere, en yn de rjochterfleugel in hege bel-etaazje. Beide fleugels binne twa ramen breed. As de famylje Andringa útstoarn is komt de famylje Lycklama à Nijeholt as grytman op de State. De Herfoarme Tsjerke keapet yn 1882 de State, dy’t dan as pastorije brûkt wurdt. Yn 1894 wurdt Andringastate foar it grutste part ôfbrutsen. Op itselde stee wurdt dan in filla boud.
Inkele jierren foar de ôfbraak binne der noch foto's fan de state makke. Hjirop is te sjen dat de state wol ferboud is, mat net bot feroare. De grutste feroarings binne de twa finsters fan de mezzazine, dy't tichtmakke binne en de skoramen mei lytse roeden, dy't ferfongen binne troch acht- en fjouwerrúts empire-finsters. Op de foto fan de efterkant is noch de fraaie túnoanlis te sjen.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
rajstopy gładkie Trendy T - Load iberotel aquamarine expatsatellites.com.pl loreal kerastase