Fêste skiif
|
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |
De letterlike oersetting fan "hard disk" is hurde skiif fansels. De "hard disk" sit ynboud yn jo kompjûter en hat hjoeddeis in giga-ûnthâld. Us buortaal it Nederlânsk ken twa oersettings "harde schijf" en "vaste schijf". Sjoen de skiednis fan de (kompjûter)skiif is ien en oar nochal betiizjend. No jout de oersetting nei in oare/nije taal lykwols de mooglikheid om in stikje betizing fuort te nimmen. Sa is om betizing tefoaren te kommen "hard disk" prima oer te setten mei fêste skiif.
[bewurkje seksje] Skiednis fan de (kompjûter)skiif
De koarte skiednis fan de skiif begjint mei de "floppy disk", in 5,25 toms sloppe skiif. Dy waard eins foarôf gien troch in folle minder bekende hiele grutte floppy. Sis mar de langspylplaat ûnder de skiven. As der om de ieuwiksel hinne oer in skiif of gauris skyfke praat waard, gie it oer de hurde 3,5 toms skiif.
skarpety transport kontenerów Gdańsk kompleksowa obsługa przez agencje reklamową hosting Łódzkie randeczki