Fryske Nasjonale Partij
| Fryske Nasjonale Partij | |
|---|---|
| Partijlieder | Annigje Toering |
| Partijfoarsitter | Nynke Beetstra |
| Oprjochting | 1962 |
| Haadsit | Ljouwert |
| Ledetal | ~1300 |
| Jongereinorganisaasje | FNPjongerein |
| Rjochting | Lofts |
| Ideology | Federalisme, Regionalisme |
| Wittenskiplik buro | |
| Europeeske fraksje | EFA |
| Ynternasjonaal gearwurkingsorgaan | |
| Webside | www.fnp.nl |
De Fryske Nasjonale Partij (ôfkoarte FNP) is in Fryske politike partij.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
De partij waard yn 1962 stifte troch aktivisten fan de Fryske Beweging, dy't ûntstien wie yn de 19e ieu. De FNP kaam op foar de Fryske taal, kultuer en sporten. De beweging wie in reaksje op de grutte nasjonale partijen dy't neffens de stifters te folle rjochte wienen op de Rânestêd. Yn 1966 wûn de FNP syn earste sit yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân. Itselde jier helle de partij ek ferskate sitten by de gemeenteriedsferkiezings. By de gemeenteriedsferkiezings fan 1970 waard de bestjoerderspartij yn trije gemeenten (dy't letter ophefd binne): Baarderadiel, Raerderhim en Hylpen. Yn 1981 wie de FNP ien fan de mei-oprjochters fan de Jeropeeske Frije Alliânsje (EFA).[1][2] Yn 1995 waard mei oare regionale partijen en De Grienen de Unôfhinklike Senaatsfraksje (OSF) oprjochte. Sadwaande wisten dizze partijen in sit te krijen yn de Earste Keamer. Fan 1995 oant 2003 waard dizze sit ynnommen troch yr. Marten Bierman fan De Grienen. Sûnt 2003 wurdt it sit beset troch Hindrik ten Hoeve fan de FNP. By de steateferkiezings fan 2003 waard de FNP de tredgrutste partij yn Fryslân. De ûnderhannelings nei de gemeenteriedsferkiezings fan 2010 smieten njoggen wethâlders op.[3] By de steateferkiezings fan 2011 krige de FNP 9,2 persint fan de stimmen en waard dêrmei de fjirde partij fan de provinsje Fryslân. Nei de ûnderhannelings foar in koalysje mei de PvdA en it CDA, kaam de FNP foar it earst yn de Deputearre Steaten, earste FNP deputearre waard Johannes Kramer.[4]
[bewurkje seksje] Stânpunten
De FNP stiet oan de lofterkant fan it politike barren en is regionalistysk ynstelt. Oars as de namme tinken docht, is de FNP net foar folsleine selsstannigens fan Fryslân. Wol sjocht de partij Friezen as in apart folk en stiet it foar in federalistysk polityk systeem yn Fryslân. De partij stiet foar mear autonomy foar Fryslân, it brûken, beskermje en erkenne fan de Fryske taal en eigen gesach oer de gasreserven yn de Fryske boaiem.
[bewurkje seksje] Kearnwearden
De FNP hat har stânpunten festlein yn sân saneamde kearnwearden. Dy kearnwearden binne[5]:
- Demokrasy: De FNP wol it bestjoerlik foech dellizze op in sa'n leech mooglik nivo.
- Federalisme: De minsken by de polityk belûke en meiprate litte oer politike besluten.
- Ynternasjonalisme: Fryslân as selsstannige bestjoerlike ienheid op Nederlânsk en Europeesk nivo meiprate litte oer belied en beslútfoarming.
- Taal en kultuer: De Fryske identiteit fersterkje troch ûnder oaren trijetalich ûnderwiis. Kultuer is in wichtich part fan de mienskip dêr't de partij noed foar stean wol.
- Solidariteit: Yn de mienskip sil gjin ferskil makke wurde tusken earm-ryk, jong-âld, sûn-siik.
- Undernimmerssin: Utgean fan de eigen krêft. In sterke ekonomy tichtby hûs, iepen nei bûten.
- Duorsumens: Ynstee fan wynmûnen oare foarmen fan duorsume enerzjy. Bettere fasiliteiten faor fytsers ynstee fan nije autodiken. Grien en ekonomy wol de partij meiïnoar ferbine, mei behâld fan it lânskip.
[bewurkje seksje] Biedwurd
Motto fan de partij by de gemeenteriedsferkiezings 2010 wie Frysk, grien en sosjaal. Yn it ferline wie it biedwurd ek wol Frysk en federaal.[6]
[bewurkje seksje] Fertsjintwurdigers en bestjoerders
[bewurkje seksje] Provinsjale Steaten
By de steateferkiezings fan 1999 behelle de FNP fjouwer fan de 55 sitten yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân. Yn 2003 wist de partij ûnder lieding fan listlûker Johannes Kramer 7 fan de 55 sitten te bemasterjen. De FNP waard dêrtroch de tredgrutste partij yn de Steaten, mar kaam net yn de koalysje. By de Steateferkiezings fan 2007 waard it tal sitten fan de Steaten werombrocht fan 55 nei 43. De FNP behelle 5 fan de 43 sitten, wat delkomt op in lyts ferlies yn it tal prosinten. By de ferkiezings fan 2 maart 2011 hie de FNP in ferlies en krige 4 fan de 43 sitten.
Nei de provinsjale ferkiezings fan 2011 waard it dúdlik dat de PvdA, as grutste partij, earst prate woe foar in koalysje mei it CDA, GrienLinks en ek de FNP. Ynformateur waard Margreeth de Boer. Op 6 april stapte GrienLinks lykwols út de ûnderhannelings. Op 15 april waard in akkoart berikt, dêrmei kaam de FNP foar it earst yn de Deputearre Steaten.
[bewurkje seksje] Gemeenten
Nei de gemeenteriedsferkiezings fan 2010 hat de partij:
- Yn 17 fan de 27 Fryske gemeenten 58 riedsleden.
- Yn Achtkarspelen, Dongeradiel, Ferwerderadiel, Gaasterlân-Sleat, Littenseradiel, Ljouwerteradiel, Skarsterlân (2x) en Tytsjerksteradiel binne mei-inoar 9 FNP-wethâlders.
[bewurkje seksje] Europeeske Frije Alliânsje
De FNP wie yn 1981 ien fan de oprjochters fan de Europeeske Frije Alliânsje (EFA). De FNP is lid bleaun fan de EFA en hat in aparte EFA kommisje. By de ferkiezings fan it Europeesk Parlemint yn 2009 krige de EFA 7 ôffurdigen yn it parlemint, dy't 6 ferskillende partijen fertsjintwurdigje.[7] De European Free Alliance hat foar it Europeesk Parlemint in listferbining mei De Grienen (The Greens). De Grienen en de European Free Alliance hawwe tegearre 55 sitten yn it Europeesk Parlemint.[8]
[bewurkje seksje] Unôfhinklike Senaatsfraksje
Sûnt 1995, doe’t de partij mei De Grienen en oare regionale partijen begûn gear te wurkjen, hat de partij ien sit yn de Earste Keamer krigen. Ald FNP-steatelid Hindrik ten Hoeve sit sûnt 2003 op dat plak.
[bewurkje seksje] Wetterskip
De FNP hat by de earste ferkiezing fan it Wetterskip Fryslân yn novimber 2008 twa fertsjinwurdigers yn it wetterskipsbestjoer.
[bewurkje seksje] Stimmers
[bewurkje seksje] Gemeentlik
De stimmers komme foar in grut part út it westen en noardeasten fan Fryslân. Yn Skarsterlân waard by de gemeenteriedsferkiezings yn 2010 troch 34% fan de stimmers op de FNP stimd. Nei Skarsterlân folgen Gaasterlân-Sleat (30%), Littenseradiel (24%), Achtkarspelen (24%), Kollumerlân (23%), Ferwerderadiel (21%) en Tytsjerksteradiel (20%). Dêrneist wienen der noch fiif oare gemeenten dêr't de FNP mear as 15 persint fan de stimmen krige.
[bewurkje seksje] Provinsjaal
By de ferkiezings foar Provinsjale Steaten yn 2011 krige de FNP yn hiel Fryslân 9,2 persint fan de stimmen. Yn 2007 wie dat noch 10,7 persint.
De grutste FNP-gemeenten by de ferkiezings foar Provinsjale Steaten yn 2011 wienen Skasterlân (20,1%), Littenseradiel (19,9%) en Gaasterlân-Sleat (18,3%).
[bewurkje seksje] Ferneamde FNP'ers
- Tony Feitsma, âld-foarsitster en taalkundige
- Hindrik ten Hoeve, senator yn de Earste Keamer
- Kerst Huisman, lid en skriuwer fan Tusken Fryske dream en Nederlânske macht
- Johannes Kramer, âld-fraksjefoarsitter en deputearre
- Pyt Kramer, ien fan de oprjochters fan de FNP yn 1961
- Theunis Piersma, FNP-boargemaster fan Wûnseradiel (1995-2010)
- Jan Bearn Singelsma, earste FNP-steatelid
[bewurkje seksje] Literatuer
- Kerst Huisman "Tusken Fryske dream en Nederlânske macht, fjirtich jier Fryske Nasjonale Partij", Utjouwerij Frysk en Frij 2003, ISBN 90-73554-84-5.
[bewurkje seksje] Keppeling om utens
- Hiemside fan de FNP
- Hiemside fan de FNP jongerein
- Fideo: Pyt Kramer en Saapke Voolstra oer 50 jier FNP (2012)
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Portugalia adwokat kopiopedia hosting Skuteczne pozycjonowanie