Gryksk
|
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |
| Gryksk (Ελληνικά) | |
|---|---|
| Sprutsen yn: | Grikelân, Cyprus |
| Tal sprekkers: | 15 miljoen |
| taalklassifikaasje: | Yndo-Jeropeesk - Gryksk |
| Offisjele status | |
| Offisjele taal yn: | Grikelân, Syprus en de Europeeske Uny |
| Taalorganisaasje: | - |
| Taalkoades | |
| ISO 639-1 | el |
| ISO 639-2(B) | gre |
| ISO 639-2(T) | ell |
| SIL | GRK |
It Gryksk is an Yndo-Jeropeeske taal. It is de offisjele taal fan Grikelân en Cyprus. De taal waard eartiids sprutsen yn Grikelân, by de kust fan Lyts Aazje lâns en yn it súdlike part fan Itaalje. De Griken neame harren taal Ελληνικά (Helleniká).
It Gryksk hat in skiednis fan mear as 3,500 jier. It is âlder as de measte Jeropeeske talen. Hjoed de dei prate sa'n 15 miljoen minsken Gryksk. Dy sprekkers libje foar it meastepart yn Grikelân en op Syprus.
De Griken hawwe harren eigen alfabet. It Latynske alfabet (dat wy brûke foar it Frysk en in protte oare talen) komme fan it Grykske alfabet. It Grykske alfabet wie ek de grûnslach foar oare alfabetten, lykas it Sirrilyske alfabet. De Griken hawwe it alfabet net útfûn, dat kaam fan de Fenysjers.
| Dizze taal hat syn eigen Wikipedy. Sjoch de Grykske ferzje. |
mini hosting last minute Egipt bielizna damska oriflame praca