Harnzersk
It Harnzersk is it dialekt fan it Stedsk dat praat wurdt yn de Fryske stêd Harns. Troch de lizzing en de skiednis fan Harns as havenstêd hat it Harnzer dialekt relatyf minder Fryske en mear Hollânske wurden as oare Stedsfryske dialekten. It ûnderskiedet him ek fan bygelyks it Ljouwerters troch de ferlytsingswurden fan in soad haadwurden (Harnzersk: kantoortsje, papiertsje, touwtsje, stúve'tsje, Liwwadders: kantoorke, papierke, touwke, stúverke). It bynwurdlike bywurd ek is yn it Harnzersk (oek) ek oars as fan omlizzende Stedsfryske dialekten 'ok).
Persoanlike foarnamwurden en de bûging fan tiidwurden komt ridlik oerien mei it Standertfrysk:
- ik loop
- dou loopst / jou lope (do rinst / jo rinne)
- hij loopt
- wij lope
- jumme lope (jimme rinne)
- sij lope
It Harnzersk hat foar it meastepart deselde kenmerken as de oare Stêdske dialekten. Stopwurdsjes dy't as typysk Harnzersk beskôge wurde binne juh en seun, beide wurde gauris oan in sin tafoege. Yn it Harnzersk wurdt de útdrukking "Ouwe seun" in soad brûkt. It betsjut dan net letterlik 'âlde soan' mar mear waat fertroulik, kammeraatskiplik 'freon/maat' as in soarte geuzenamme.
Guon sinnen binne streekeigen. Sa wurdt der as immen dy't foar gek ferklearre wurdt, spottend frege oft hy út Frjentsjer wei komt of dêrhinne gean moat omdat dêr de ynstellings wienen foar minsken mei psychyske oandwanings.
De wurkgroep "Se Suuden en Se Wuuden" bestudearret it Harnzersk.
[bewurkje seksje] Foarbylden
Hjirûnder wat foarbyldsinnen mei in soad Harnzer wurdsjes:
| Frysk | Harnzersk |
|---|---|
| Wêr giesto hinne? | Waa gaast heen (jûh/seun)? |
| Do moatst nei skoalle ta, jonge. | Dou must naar skool, jonge. |
| Dat is ús mem. | Dat i mien moeke. |
| Dêr wurdsto net goed fan. | Daar wust niet goed van. |
| Wat wolsto no? | Wat wuustou nou jûh? |
| Do moatst dy stil hâlde! | Hou dien vreet juh! |
| Wêr binne al dy minsken? | Waar binne al die meesen? |
| Ik sla dy yn elkoar! | Ik sodemieter die in de súderhaven! |
| Wa bisto? | Wie bistou dan jûh? |
| Goeie minsken! | Jo bokkels!/ A goeie! |
| Hâld op te jeuzeljen! | Must niet suh ouwehoeren jûh, vent! |
| Wat bisto ek in stjonkert. | Ojuh, steert! |
| Der is in stekje oan dy los. | Komst uut Franeker seker? |
| Doch ris normaal! | Anders doest even achterlijk of su. |
| Earder, doe't links noch rjochts wie. | Vroeger, toen moeke nog strak was. |
| Wy ha justerjûn gesellich op stap west. | Mooie slaanderij gister. |
| Ik bin smjucht op dy. | Ik krij de kriebels van die. |
| Dus... | Dus jûh... |
| Wolst fjochtsje of sa? | Must een slag voor dien hasses? |
| Goed dien. | Dat hest mooi daan seun. |
| Wêr silst hinne? | Waar gaast hene seun? |
| Moai waar, net? | Mooi weertsie niet juh? |
| Hoe wolsto dat ha? | Hoe wust dat voor mekaar sien seun? |
last minute Egipt hosting radcy prawni gdynia tworzenie strategi on-line Łódzkie randeczki