Jeen van den Berg
Ut Wikipedy
Jeen van den Berg (De Feanhoop, 8 jannewaris 1928) is Fryske reedrider, dy't benammen bekend waard as de winner fan de Alvestêdetocht fan 1954.
Dizze tocht wûn er yn de tiid fan 7 oeren en 35 minuten, in rekord dat pas 31 jier letter ferbettere waard. Yn de tocht fan 1956 einige er as seisde, nei de kopgroep dy't hân-yn-hân oer de finish gie. By de swiere tocht fan 1963 waard er tredde.
Van den Berg wie ek in goed langebaanrider. Hy die twa kear mei oan de Olympyske Winterspullen, beide kearen kaam er út op de 5 en 10 kilometer. Yn 1973 waard er de earste Nederlânsk kampioen maratonriden.
Hy wie fan berop ûnderwizer. Jeen van den Berg is eareboarger fan de gemeente It Hearrenfean.
[bewurkje seksje] Resultaten
| jier | NK Allround | EK Allround | Olympyske Spullen | WK Allround |
|---|---|---|---|---|
| 1950 | NS3 | - | - | |
| 1954 | 6e | - | - | |
| 1955 | 5e | - | - | |
| 1956 | sulver | - | 24e 5000m | - |
| 1957 | 16e | |||
| 1958 | 16e | 16e | ||
| 1959 | 16e | 15e | ||
| 1960 | 13e | 19e 5000m 22e 10000m |
13e | |
| 1962 | 11e | - | - | |
| 1963 | 6e | - | - |
- - = net meidien
- NS3 = net start op de 3e ôfstân
tunezja last minute hosting medycyna estetyczna lublin media interaktywne egipt last minute