Lemsterlân - Wikipedy

Lemsterlân

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Gemeente Lemsterlân
Flagge fan de gemeente Lemsterlân    Wapen fan de gemeente Lemsterlân
(Flagge fan Lemsterlân) (Wapen fan Lemsterlân)
Lokaasje fan de gemeente Lemsterlân
Provinsje Fryslân
Boargemaster J. Bosma
Haadplak de Lemmer
Gebiet
- wetter
124,38 km²
-  47,85 km²
Ynwenners 13.278
Ferkearsieren -
Netnûmer 0514
Postkoades 8531-8539
Offisjele webstee www.lemsterland.nl

Lemsterlân (offisjeel Nederlânsk: Lemsterland) is in gemeente oan de súdkust fan Fryslân, mei 13.278 ynwenners (3 maart 2003). De gemeente hat in gebiet fan 124,38 km2, wêrfan 47,85 km2 wetter, en hat 29,84 km kust.

It haadplak fan de gemeente is de Lemmer, en de oare plakken yn de gemeente binne: Bantegea, Dolsterhuzen, Eastersee-Buorren, Eastersee-Giterskebrêge, Follegea, Ychten, Ychtenbrêge en Jistergea.

It Ir.D.F. Woudagemaal op'e Lemmer heart ta it wrâld-erfgoed.

Ferwachting fúzje op 1 jannewaris 2013 fan Lemsterlân, Skarsterlân en Gaasterlân-Sleat.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Taal

Yn Lemsterlân hat it meastepart fan de ynwenners Frysk as memmetaal, 51%. It Nederlânsk wurdt troch 39% as memmetaal bezige. Stêdsk is foar 6%, Stellingwerfsk foar 2% en útlânske talen foar 2% de memmetaal.[1] It Stellingwerfsk is net ynhiemsk foar it gebiet dat Lemsterlân omfiemet. De taal is nei alle gedachten yn it gebiet bedarre troch de kolonisaasje fan it gebiet troch feanstekkers fan Gythoarn om 1800 hinne.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Eksterne ferwizing

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. * Noordhoff Atlasproducties (2009). De Bosatlas van Fryslân - Een ontdekkingsreis door Fryslân in kaarten en beelden. Noordhoff Atlas Producties. Side 258. ISBN 978-90-01-77904-7


Gemeenten yn de Provinsje Fryslân Flagge fan de provinsje Fryslân
Achtkarspelen | It Amelân | It Bilt | Boarnsterhim | Dantumadiel | Dongeradiel | Eaststellingwerf | Ferwerderadiel | Flylân | Frjentsjerteradiel | Gaasterlân-Sleat | Harns | It Hearrenfean | Kollumerlân en Nijkrúslân | Lemsterlân | Littenseradiel | Ljouwert | Ljouwerteradiel | Menameradiel | Opsterlân | Skarsterlân | Skiermûntseach | Skylge | Smellingerlân | Súdwest-Fryslân | Tytsjerksteradiel | Weststellingwerf
wizigje


mapa słownika bramy Poznań hosting kopiopedia bmw blog