Minnertsgea - Wikipedy

Minnertsgea

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Minnertsgea
Flagge fan Minnertsgea Wapen fan Minnertsgea
Flagge Wapen
Lokaasje fan Minnertsgea
Gemeente It Bilt
Ynwennertal (2006) 1850
Webstee Feriening fan Pleatslik Belang Minnertsgea
Sicht op Minnertsgea

Minnertsgea (Biltsk: Minnertska) is in doarp yn it súdwesten fan de gemeente It Bilt. De ynwenners wurde ek wol keallepoaten neamd. It doarp, dat op it "âlde lân" leit en pas by de gemeentlike weryndieling fan 1984 by it Bilt kommen is, heart net ta it Biltske taalgebiet.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

Minnertsgea wurdt yn 1168 al neamd. Yn dy tiid stie de tsjerke der ek al, dy't nei alle gedachten likernôch 1120 boud wêze moat. De earste bewenning moat dan noch âlder wêze; oannaam wurdt dat Minnertsgea yn it jier 1000 al bestie, wierskynlik as eilân.

It doarp is dêrmei folle âlder as de oare parten fan de gemeente it Bilt. It is dan ek earst by gemeentlike weryndieling fan 1984 oan de gemeente tafoege. Foar dy tiid wie it doarp part fan Barradiel.

Yn de 19e ieu stie yn it doarp in sûkereifabryk. Op 2 desimber 1902 waard by Minnertsgea in stasjon iepene oan it NFLS-spoar fan Stiens nei Harns. De ôfkoarting fan de stasjonsnamme wie Mn, en it stasjon lei op 15 kilometer fan Stiens. Op 1 desimber 1940 waard it stasjon wer sluten.

[bewurkje seksje] Lizzing

Minnertsgea leit op de easterein fan de Bjirmen, net fier westlik fan Wier. Dêrmei leit it krekt súdwestlik fan de Hege Dyk, de âlde waaddyk dêr't de polders, fan de Middelsee tsjinoan lizze. It doarp leit oan de N393, dy't nei it westen nei Tsjummearum giet, en nei it noarden nei Sint Jabik. Nei it suden is it doarp fia de Minnertsgeaster Feart ferbûn mei de Rie.

[bewurkje seksje] Mienskip

Tsjerke Minnertsgea

Stfting Sosjaal Sintrum d'Ald Skoalle stiet oan de Skoallestrjitte. Der is in Aktiviteitenkommisje. Us Jûn is de soas en it pjutteboartersplak hjit de Peutersoas. Der binne twa basisskoallen: De Lytse Terp en De Wizebeam. In diel fan it Bitsk Dokumintasysintrum sit yn de bibleteek.

[bewurkje seksje] Ferienings

[bewurkje seksje] Untwikkeling ynwennertal

[bewurkje seksje] Berne yn Minnertsgea

[bewurkje seksje] Ferskaat

  • It wapen fan de famylje Hermana wie de basis foar wapen en flagge.De skeraf komt fan de gemeente Barradiel en de skulpen fan It Bilt.

[bewurkje seksje] Strjitten

Alle strjitten yn Minnertsgea.

[bewurkje seksje] Keppeling om utens



emergency loan bet365 Hotel Kiev - Ukraine porządna księgowość gdańsk film makijaz