Reedriden
It reedriden is it op redens foarútkomme oer it iis. Dat iis kin natueriis wêze, mar ek keunstiis. Mei roltsjeredens kin ek riden wurden dêr't gjin iis is.
It reedriden wurdt sawol as frijetiidbesteging as as wedstriidsport dien. Fral yn winters mei iis wurdt der in protte riden op fearten en marren, mar der kin ek op iisbanen riden wurde. Sa gau it iis betrouber is en de omstannichheden goed binne, wurde der troch iisklups en iiswegensintrales toertochten organisearre. As wedstriidsport binne der by it reedriden ferskate dissiplines.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Baanriden
By it baanriden besiket eltse dielnimmer apart sa hurd mooglik in ôfstân te riden. Om't dielnimmers elts in eigen baan hawwe spilet taktyk net in grutte rol.
[bewurkje seksje] Groepstart
By de groepstart-dissiplines begjinne alle dielnimmers tagelyk en tegearre, en besiket eltsenien om foar de oaren oan te kommen. De faasje is hjir net it doel, mar it middel om de oaren foarút te kommen.
[bewurkje seksje] Sierriden
By it sierriden is net de faasje it doel, mar de bewegings. In sjuery beoardielt de styl fan riden fan de dielnimmers.
[bewurkje seksje] Oare iissporten
Der binne ek oare sporten op redens. Om't it riden dêr mar it middel is, wurde dy meast net ta it reedriden rekkene:
[bewurkje seksje] Sjoch ek
Trydent hosting projektowanie serwisów www kredyty częstochowa last minute tunezja