Ropta - Wikipedy

Ropta

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
It kompleks fan de HZPC op Ropta mei de mûne

Ropta is in buorskip ûnder Mitselwier yn Dongeradiel. Hy leit tusken Mitselwier, Easternijtsjerk en Ljussens. Dat is de reden wêrom't de mûne dêr yn de 19e en 20e ieu bêst draaie koe: Wyn út de earste hân, mar net fier fan de doarpen.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

[bewurkje seksje] Ropta State

Ropta is begûn mei Roptastate, slot fan de Ropta's, dat der al wie yn 1297. De Ropta dy't it measte namme makke hat, wie Worp fan Ropta († 1302). Ocko Scharlensis hat syn skeel mei Jucke van Helbada wiidweidich beskreaun. Jucke Helbada hie de soan fan Worp om hals brocht. Doe't Worp letter Jucke foarby kaam by Hegebeintum hat hy him dêr delslein. Yn 1937 skreau A.M. Wijbenga 'It Soenhûs', dat dêr oer giet.

[bewurkje seksje] De Mûne

Nôt- en pelmûne Ropta
De pleats Lyts Ropta yn 2010

Sa wie der yn 1836 romte en bou de Ropta-mûne. De earste hat der mar fjouwer jier stien. Doe't dy mei in stoarm delfallen wie is der yn 1840 in gruttere, swierdere nôt- en pelmûne kaam. Dy hat fol yn bedriuw west oant en mei de Twadde Wrâldkriich. Nei de oarloch rûnen de saken tebek en yn 1963 hat de gemeente East-Dongeradiel de mûne kocht foar it symboalyske bedrach van ien gûne. De Ropstermûne wurdt no yn goede steat hâlden troch de Stifting Monumintebehâld Dongeradiel.

De Nijewierster dichter Anders Minnes Wijbenga hat in fers oan 'e mûne wijd.

[bewurkje seksje] Kweekbedriuw

Tsjintwurdich is op it plak fan Ropta State it kweekbedriuw fan de HZPC te finen. It kweekbedriuw fan de Friesche Maatschappij van Landbouw kaam yn 1965 út Ingelum wei nei Mitselwier en waard op 22 juny troch Prinsesse Margriet iepene.

[bewurkje seksje] Undersyk

By de tarieding fan 'e bou fan it kweekbedriuw yn 1962 binne de fûneminten fan 'e poarte fan Ropta State (ôfbrutsen yn 1769) bleat lein en ûndersocht.

Teffens is op it eastlik part fan it terrein, dêr't earder arbeiderswenten wiene, in hurdstiennen liuw, dy't it wapenskyld fan de Ropta's fêsthâld, fûn. In kopy dêrfan is pleatst by de yngong fan it kweekbedriuw.

Begjin 2009 hat in argeologysk ûndersyksburo, troch proefboarrings, ynventarisearjend ûndersyk, op it eastlik diel fan it terrein útfierd, om't it bedriuw sloop en nijbou fan in kassekompleks fan doel wie. Op grûn fan de útkomsten fan it ûndersyk waard fierder ûndersyk op dat plak net nedich achte. [1]

[bewurkje seksje] Keppelings om utens

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. F. B. Postma-Saan, Steekproefrapport 2009-04-03 ISSN 1871-269X Metslawier, kassencomplex Ropta, gemeente Dongeradeel. Buro 'De Steekproef' bv, Súdhorn.


cena pozycjonowania posciel bawelniana last minute tunezja hosting Rejestracja znaków towarowych