Sealterlân - Wikipedy

Sealterlân

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Wapen fan it Sealterlân

Sealterlân is in gemeente yn de landkreis Kloppenboarch yn de dielsteat Nedersaksen mei likernôch 13.031 ynwenners (2010) en in oerflak fan 123,5 km². De gemeente is ûntstien yn 1974 doe't de trije selsstandige gemeenten ta Sealterlân byinoar brocht binne.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Geografy

Lokaasje fan it Sealterlân.

It Sealterlân leit midden tusken de sompen. Oant fier yn de 19e ieu wie it gebiet bot isolearre. Troch dy isolearre lizzing hawwe de Sealters it Frysk hjir bewarje kind as it Sealterfrysk. Hjoed de dei binne de sompen ta feanpolders wurden.

[bewurkje seksje] Doarpen

Sealterlân hat fjouwer doarpen:

[bewurkje seksje] Buorgemeenten

De buorgemeenten fan it Sealterlân binne:

[bewurkje seksje] Skiednis

Sealter Ie, 1931

De skiednis fan Sealterlân is nau besibbe mei de Sealter Ie. Oant de 19e ieu wie Sealterlân, dat hielendal tusken moerassen yn lei, allinnich mei dizze rivier te berikken. It wie de ienichste ferbining mei it lân der omhinne. Mei trochdat de rivier de ienichste wei nei Sealterlân wie, is it Sealtersk sa relatyf goed bewarre.

It Sealterlân wie foarhinne in eilân fan likernôch 15 by 4 km tusken de sompen, dêrtroch wie it gebiet oant de 19e ieu bot isolearre. Tusken 1100 en 1400 waard it eilân troch de Friezen út East-Fryslân bewenne. Troch dy isolearre lizzing hawwe de Sealters it Frysk as it Sealterfrysk ûntwikkelje kinnen.

De sompen wienen it grinspunt fan trije machtsgebieten, fan Kloppenboarch, Emden en Aldenboarch, dat hja foarmen in stikje nimmenslân tusken de machtigere buorlju. Yn de midsieuen hie it Sealterlân harren eigen rjocht. Karel de Grutte, dy't algemien rjocht foar de Friezen fêststeld hie, hat hjir mooglik ek in part yn spile. It Sealterân hie mear privileezjes krigen, en wie in gebiet mei grutte ûnôfhinkelikens.

Yn 1803 waard it gebiet troch it hertochdom Aldenboarch anneksearre. Yn 1934 waard de earste gemeente Sealterlân oprjochte. Njonken de doarpen Roomelse, Skäddel en Seedelsbierich hat ek it doarp Nijskäddel by it Sealterlân heard. Hjoed de dei heart Nijskäddel by de gemeente Friesoythe. Op 1 maart 1974 waard de hjoeddeiske gemeente Sealterlân oprjochte.

[bewurkje seksje] Befolking

It Seelterfräiske Kulturhuus fan de Sealtersk Bûn, ek studio fan de Sealter útstjoering

De Friezen binne mei de Denen, Sorben, Sinty & Roma ien fan de fjouwer nasjonale minderheden fan Dútslân.

[bewurkje seksje] Taal

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Sealterfrysk.

It Sealterfrysk, ek wol Sealterlânsk of Sealtersk neamd, is in taal dy't heart ta de Noardwestgermaanske kloft fan de Westgermaanske talen. It is it iennichste noch libbene dialekt fan it Eastfrysk, dat eartiids yn alle Eastfryske lannen fan de Iems oant de Weser sprutsen waard. Mei it Westerlauwersk Frysk en it Noardfrysk foarmet it de Fryske taalgroep. It Sealtersk Bûn (Sealtersk: Seelter Bund; Dútsk: Heimatverein Saterland) is in organisaasje dy’t striidt foar it Sealterfryske taal- en kultueraktivisme yn Sealterlân.

[bewurkje seksje] Befolkingsûntjouwing

Befolkingsûntjouwing fan de gemeente Sealterlân:

  • 1949: 9.500
  • 1964: 9.046
  • 1970: 8.259
  • 1980: 8.454
  • 1990: 9.614
  • 1995: 12.221
  • 2007: 12.869
  • 2009: 13.325
  • 2010: 13.031

[bewurkje seksje] Polityk

Flagge

It gemeentehûs fan 't Sealterlân sit yn Roomelse.

[bewurkje seksje] Gemeenterie

Yn 'e gemeenterie fan it Sealterlân binne de neikommende politike partijen fertsjintwurdige (nei ferkiezings april 2011):

  • CDU - 19 sitten
  • SPD - 3 sittten
  • UWG (gemeentebelangen) - 3 sitten
  • Oar - 1 sit
  • Boargemaster - 1 sit

[bewurkje seksje] Boargemaster

  • Boargemaster: Hubert Frye (CDU)
  • Earste loko-boargemaster: Marianne Fugel
  • Twadde loko-boargemaster: Leonhard Rosenbaum
  • Earste gemeenteriedslid: Wilhelm Hellmann

[bewurkje seksje] Wapen & flagge

Op it wapen is Karel de Grutte te sjen. Oan him skriuwe de Friezen harren frijheidsprivileezjes ta.

De flagge fan de gemeente is ljochtblau/giel/ljochtblau mei it wapen yn 'e midden fan it giele flak.

[bewurkje seksje] Partnerskippen

De gemeente hat in partnerskip mei it plak Sroda Slaska yn Poalen.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

Portal.svg Tema:Sealterlân – Wikipedy hat ek in temaside oer it Sealterlân

[bewurkje seksje] Keppeling om utens



Sejfy meble katowice medycyna estetyczna lublin wczasy Tunezja last minute hosting