Smellingerlân
Gemeente Smellingerlân
|
|||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() |
|||||||
| Provinsje | Fryslân | ||||||
| Boargemaster | B. Middel | ||||||
| Haadplak | Drachten | ||||||
| Gebiet - wetter |
126,18 km² - 9,52 km² |
||||||
| Ynwenners | 54.859 | ||||||
| Ferkearsieren | A7, A31, N381 | ||||||
| Netnûmer | 0512, 0566 | ||||||
| Postkoades | 8497, 9201 - 9223 | ||||||
| Offisjele webstee | www.smallingerland.nl | ||||||
Smellingerlân (Smallingerland) is in gemeente yn it easten fan Fryslân, mei 54.859 ynwenners (1 jannewaris 2006), en mei in gebiet fan 126,91 km², wêrfan 9,52 km² wetter.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
Het gebiet fan Smellingerlân hat sûnt de lêste iistiid altyd bewenne west, sa hat bliken dien út fynsten fan de Peinder dokter Johannes Siebinga. De namme "Smellingerlân" komt fan it plak Smelle Ie, dêr't al foar 1326 in kleaster wie, dat lang it wichtichste plak yn de omkriten waard. Yn 1392 waard al sprutsen fan "Smellingheradele in de Leppa", mei Smelle Ie as sit fan de grytman.
Archeologysk ûndersyk hat oan it ljocht brocht dat der in migraasje fan westlik Smellingerlân nei eastliker dielen west hat. Itselde ferskynsel hat plak fûn yn Opsterlân en Tytsjerksteradiel. Yn de Kraanlannen en de Flearbosk binne spoaren fan (fersprate) bewenning fûn en ek de ôfgroeven terpkes Kloesewier en Komwier tsjûgje fan mear bewenning foar de 15e ieu. Ynklinking fan fean, sâltwinning ut leechfean en tichtslykjen fan de Middelsee sille de oarsaak west hawwe fan it hieltyd wieter wurden fan it westlik part fan Smellingerlând . Yn de perioade 1150-1250 binne der dan ek tsjerken op de eastliker, hegere, grûnen stifte.
Yn de midsieuwen hearde Smellingerlân, de meast súdlike grytenij fan Eastergoa, ta it bisdom Utert. Yn de striid tusken Skieringers en Fetkeapers wie Smellingerlân by de lêsten oansluten en hat it in soad te lijen hân fan plonderingen. De reformaasje sette hjir fral troch nei it ynnimmen fan Grins yn 1594.
Yn de 17e ieu wie it haadplak Aldegea. Yn dy ieu, yn 1641, waard ek de Drachtster kompanjonsfeart groeven, as in feanfeart. De ferfeanting wie gjin súkses, mar waard wol trochset en troch de feart krige dat gebiet in stimulâns, dêr't de flekke Drachten út fuort kaam, it hjoeddeiske haadplak.
[bewurkje seksje] Plakken
It haadplak is de flekke Drachten, en de oare plakken yn de gemeente binne: Aldegea, Boarnburgum, Drachtster Kompenije, De Feanhoop, Goaiïngahuzen, De Houtigehage, Koartehimmen, Nyegea, De Pein, Rottefalle, Smelle Ie, De Tike en De Wylgen.
Op 'e grins fan Tytsjerksteradiel en Smellingerlân leit in mar fan 300 bunder. De mar wurdt De Leijen neamd.
[bewurkje seksje] Taal
Opsterlân is in foar it meastepart Frysktalige gemeente. It is foar 60% fan de ynwenners de memmetaal. Foar it Nederlânsk jild dit foar 34%, it Stellingwerfsk 2% en it Stêdsk 2%. De oare 2% fan de ynwenners hat in útlânske taal as memmetaal.[1]
[bewurkje seksje] Sjoch ek
[bewurkje seksje] Keppeling om utens
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
| Gemeenten yn de Provinsje Fryslân | |
|---|---|
| Achtkarspelen | It Amelân | It Bilt | Boarnsterhim | Dantumadiel | Dongeradiel | Eaststellingwerf | Ferwerderadiel | Flylân | Frjentsjerteradiel | Gaasterlân-Sleat | Harns | It Hearrenfean | Kollumerlân en Nijkrúslân | Lemsterlân | Littenseradiel | Ljouwert | Ljouwerteradiel | Menameradiel | Opsterlân | Skarsterlân | Skiermûntseach | Skylge | Smellingerlân | Súdwest-Fryslân | Tytsjerksteradiel | Weststellingwerf |
|
| wizigje | |
bielizna damska projektowanie www kurs suwnice Sejfy pozycjonowanie opinie
