Snits (stêd) - Wikipedy

Snits (stêd)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Snits
Flagge fan Snits Wapen fan Snits
Flagge Wapen
Lokaasje fan Snits
Gemeente Snits
Ynwennertal (2009) 33.000
Webstee Webstee Snits


Satelytfoto mei de stêden Snits en Drylts.
De Wetterpoarte
De grêft fan it Lyts Sân yn Snits
Snits op de kaart fan Willem en Joan Blaeu yn 1652.
Bolwurk

Snits is in stêd, súdwest fan Ljouwert en is in grutte kern yn de gemeente Súdwest Fryslân. De stêd hat sa'n 33.000 ynwenners. It stasjonsgebiet jildt sûnt 2007 as beskerme stedsgesicht.

Snits leit yn súdwest Fryslân tichtby de Snitser Mar en is bekend troch syn grêftsjes de Snitser Wetterpoarte (symboal fan de stêd) en de wettersport (Snitswike). Snits is ien fan de Alve Stêden, dy't by de Alvestêdetocht oandien wurde. De stêd hat in sintrumfunksje foar súdwest-Fryslân (de Súdwesthoeke).

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Skiednis fan Snits.

[bewurkje seksje] Untstean

Snits is ûntstien dêr't de farwei (yn âlde dokuminten Magna Fossa, Grut Kanaal, neamd) nei it noarden de súdlike dyk fan de Himpolder Skerhim krúst. De farwei nei it noarden (Geau, Snitser Aldfeart) wie needsaaklik wurden omdat de Middelsee troch tichtslykjen ferlern gien wie. De âlde himdyk komt Snits oan de westkante binnen as Himdyk, wurdt dêrnei de Alde Dyk en rint dan fierder as de Wide en Nauwe Noarderhoarnes. Dan is er part fan de Marktstrjitte en ferfolget er syn wei as Piperstrjitte en Nauwe en Wide Burgstrjitten, en is dêrnei de basis fan de drokke winkelstrjitte de Easterdyk. Hy giet fierder as de Ljouwerter Dyk, om op't lêst as Griene Dyk, de polderdyk fan de Raerderhim, Snits te ferlitten.

Snits krige fan de 13e ieu ôf ferskate stedsrjochten, dy 't yn 1456 offisjeel fêstlein waarden. Snits waard dêrmei ien fan de Fryske Alve Stêden. Dit wie ek it begjin fan in bloeiperioade as hannelsstêd dy't oant likernôch 1550 ta duorje soe. Yn 1492 waard mei de oanlis fan in nije stedsgrêft en stedswâl begûn. Yn de tiid fan Karel V waard dêr in stêdmuorre op oanlein. Nei dy tiid wie Snits de ienige ommuorre stêd fan Fryslân. Fan de âlde festingwurken binne no allinnich noch de Wetterpoarte en it Bolwurk oer.

[bewurkje seksje] Partnerstêd Kurobe

Sûnt 10 septimber 1970 is de Japanske stêd Kurobe de partnerstêd fan Snits. Doetiidske boargemaster L. Rasterhoff, brocht op dat stuit in besyk oan Kurobe en waard ta eareboarger beneamd. Boargemaster Hatsuo Terade fan Kurobe brocht yn 1972 in tsjinbesyk oan Snits. Yn 2000 besochten delegaasjes fan beide stêden elkoars stêd opnij. De Japanners ûnthulden yn Snits in keunstwurk; de Snitsers waarden ferblide mei de ûntbleating fan in Snitsplein yn Kurobe.

Befolkingsûntjouwing fan Snits
Jier 1900 1950 2000 2007
Ynwennertal 12.000 19.500 32.100 33.200

[bewurkje seksje] Polityk

Snits is sûnt 1 jannewaris 2011 ûnderdiel fan de gemeente Súdwest-Fryslân. Dêrfoar wie Snits it haadplak fan de gemeente Snits.

[bewurkje seksje] Ekonomy

De bekende kleanwinkelketen C&A begûn yn 1861 mei in winkel yn Snits. De sûkerwurkfabryk Tonnema makket pipermunt ûnder de namme KING. Dizze namme hat, ofsjeel, neat mei it Ingelske wurd foar kening te krijen: It is in ôfkoarting dy't stiet foar 'Kwaliteit In Niets Geëvenaard'. Snits hat fierder stielyndustry, masinebouw, in tou- en trossenfabryk (Lankhorst), en sûnt 1964 in fêstiging fan de ritsslutingprodusint Yoshida YKK út Kurobe. Dit wie de earste Japanske fabryk in Nederlân, en it wie de earste Europeeske festiging fan YKK. Ek Mitsui Sekka, in Japanske fabrikant fan keunsttrieden, hat in fabryk yn Snits.

[bewurkje seksje] Ferkear

Snits leit oan de snelwei A7 fan Grins nei Noard-Hollân. Fierders hat Snits twa treinstasjons - (Snits en Snits Noard) - oan it spoar fan Ljouwert nei Starum. It busferfier mei omlizzende gemeenten wurdt fersoarge troch Connexxion en Arriva.

Boppedat leit Snits oan wetterwegen, ûnder mear de Houkesleat dy't de stêd ferbynt mei de Snitser Mar en it Prinses Margrietkanaal. Yn 2003 is it Houkesleat Akwadukt klear komd sadat Snits doe in folsleine rûnwei hie. Yn 2008 is de Geaubrêge, yn de súdlike rûnwei, ferfongen troch it Geau-akwadukt, dêr't al de A7 trochhinne giet, mar net de rûnwei, dat de ring is no wer brutsen.

[bewurkje seksje] Ferdivedaasje

Snits is in bekend wettersportsintrum mei sa'n 130 wettersportbedriuwen en 13 jachthavens. Teffens hat it in monumintaal sintrum mei âlde hearehuzen. Yn Snits wurdt in eigen dialekt sprutsen, it Snitsersk, dat heart ta de Stedske dialekten.

[bewurkje seksje] Kultureel Kertier

Yn 2010-2012 moat der in Kultureel Kertier ferrize. De gemeente Snits hat eartiids plannen ûntwikkele om fan de Westersingel en it Noarderkertier it sintrum fan in Kultureel Kertier te meitsjen. It plan, dêr't de kosten fan rûsd wurde op 25 miljoen euro, hâldt yn:

  • it ûnderbringen fan in teater en in diel fan it hjoeddeiske Sintrum foar de Keunsten (SfdK) yn de eardere Noardertsjerke;
  • it ûnderbringen fan in oar diel fan it SfdK yn It Bolwurk, yn eardere skoalgebouwen en yn it Van Loohûs;
  • nijbou foar in teater (kapasiteit 600 sitplakken) op it stee fan it doetiidske TPG-gebou.

Ekstra soe noch wêze:

  • it ferbinen fan de ouwers fan de Westersingel en de Tsjerkegrêft mei in rinbrêge en in driuwend poadium yn de grêft.

De Iepenbiere Bibleteek en de Martinitsjerke wurde beide opnomd yn it Kultureel Kertier.

[bewurkje seksje] Bouwurken

De Snitser Wetterpoarte út 1613 is it symboal fan de stêd Snits. Ferskate ferienings/stiftings as bedriuwen brûke de wetterpoarte as logo of ferwize yn harren namme nei de wetterpoarte. Om it jier 1550 hinne waard in begjin makke mei it stedshûs fan Snits. Yn de 18e ieu krige it stedshûs in renovaasje. By de renovaasjes krige it gebou in gevel yn rokokostyl. Martinitsjerke út 1498 hat in kariljon mei 50 klokken. Foar 1681 hie de Martinitsjerke noch trije tuorren, hjoed-de-dei hat de tsjerke gjin eigen tuorren mear. De Sint-Martinustsjerke is in let-njoggentjinde ieuske Cuyperstsjerke mei in Maarschalkerweerd-oargel .

[bewurkje seksje] Eveneminten

Op 12 novimber 2005 wie de lanlike yntocht fan Sinteklaas yn Snits. By de Wetterpoarte lei Pakjesboat 12 foar de wâl.

[bewurkje seksje] Musea

[bewurkje seksje] Bioskoop

[bewurkje seksje] Poadia

  • It Bolwurk, langstbesteande poppoadium fan Fryslân

[bewurkje seksje] Muzykkorpsen

[bewurkje seksje] De Sulveren Krystbal

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Sulveren Krystbal.

De kultuerpriis fan Snits hjit De Sulveren Krystbal. De ûnderskieding wurdt alle jierren útrikt oan immen dy't him op it mêd fan muzyk en kultuer foar Snits en omkriten ynset hat. Winners wienen ûnder oaren:

[bewurkje seksje] Underwiis

In Snits binne tsien basisskoallen en trije middelbere skoallen. De basisskoallen binne:

  • Thomas fan Akwino
  • De Wyken
  • De Aldfeart
  • Bonifatiusskoalle
  • Swetteskoalle
  • Simon Havingaskoalle
  • De Fjoerflinter (fúzje tusken De Standerd en de Jan van Nassauskoalle)
  • Julianaskoalle
  • Johannes Postskoalle
  • It Harspit
  • De Trijemêster

De trije middelbere skoallen binne:

  • R.S.G. Magister Alvinus
  • Bogerman
  • A.O.C.

[bewurkje seksje] Sûnenssoarch

[bewurkje seksje] Sport

[bewurkje seksje] Bekende Snitsers

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Ferskaat

[bewurkje seksje] Strjitten

Alle Strjitten yn Snits.

[bewurkje seksje] Literatuer

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:


prezentacje interaktywne flash hosting meble dla dzieci Sejfy kredyty samochodowe częstochowa