Starum
|
|||||
![]() |
|||||
| Gemeente | Súdwest Fryslân | ||||
| Ynwennertal (2008) | 952 | ||||
| Webstee | Webstee Starum | ||||
|
De himrik fan Starum
|
|
It Wyfke fan Starum (2005)
|
|
Starum yn 1649 op in kaart fan Joan Blaeu
|
Starum (Stavoren), is in stêd yn de gemeente Súdwest Fryslân, mei 996 ynwenners (1 jannewaris 2003). Oant 2011 lei Starum yn de eardere gemeente Nijefurd. De stêd leit op de súdwestpunt fan Fryslân, oan trije kanten beheind troch it wetter fan de Iselmar.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
De stêd wurdt yn de earste boarnen Staveren en soms Staveron neamd. Dy namme betsjut wierskynlik safolle as " by de Staven, de Peallen, de Beskoaiing" en dat wiist op in havenplak. It âlde Starum ûntstie op in knooppunt fan wetter- en lânwegen. It lei oan in rivierke dat yn it Fly útrûn. It Fly wie in brede slinke, dy't de ferbining foarme tusken de Flevomar en de Noardsee. Ien fan de âldste lânwegen fan it Dútske Ryk rûn oer Coevorden en Stienwyk nei Starum en dêrwei fierder oer it wetter nei Medemblik. Wa't oer dize wei reizge, moast by Starum dus oer it Fly setten wurde. Skippen út Utert fardn troch de Vecht, fia de Flevomar en it Fly nei de Noardsee en kamen ek lâns Starum, Sa koenen se Fryslân ynfarre. Dit hat grif ek de rûte west dy't Bonifatius yn 754 fanút Utert nei Dokkum folge hat.
Troch it drokke ferkear fan de haven yn de rjochting fan Stienwyk en Koevorden stifte de muonts Odulfus hjir in kleaster. Hy wie stjoerd troch de biskop fan Utert om de Friezen te bekearen ta kristen. Odulfus kaam fia de Fecht, de Flevomar en It Fly by de kust en foer troch oant Starum en fêstige hjir yn 837 it Odulfuskleaster.
Starum krige as earste fan de Fryske âlve stêden stedsrjocht. Yn de twadde helte fan de alfde ieu regearde in Dútske grevenfamylje yn Fryslân. Se krigen de namme Brunoanen nei harren stamfaar, dy't Bruno hjitte. Greve Egbert, ek in telch út dizze famylje fan Brunonen, ferliende Starum al yn in 1061 stedsrjochten, dy't de Dútske keizer Hindrik V yn 1118 bekrêftige. It wie in hannelsstêd fan belang, mei hannel oant yn Ingelân en Sweden ta. De grutskippers en keaplju underhâlden in soad hannelsrelaasjes mei de lannen om de Eastsee. Troch de útfining fan in nij type skip, de kogge ûntwikkele dy hannel him nei 1100 omraak.
Yn 1385 waard Starum lid fan de Hânze. De skippers fan Starum hienen by passaazje fan de Sont in âld foarrjocht; by de tolheffing waard harren foarrang ferliend wat it soad tiidwinst oplevere. By de Eastseehannel spile de Amsterdamske haven in belangrike rol. Hollân wie mei in hurd groeiende befolking foar de fiedselfoarsjenning oanwiisd op nôtymporten út de Eastseelannen. De skippers út Fryslân wienen foar Hollân dêrom fan libbensbelang. By oarloggen tusken Hollân en Fryslân keas Starum dan ek geregeld partij foar Hollân. Mar net by de Slach by Warns dy 't ek wol oantsjutten wurdt as de Slach by Starum. Oan de ein fan de midsieuwen rekke de stêd yn ferfal. Op dit feit is it ferhaal It Wyfke fan Starum basearre.
Fryslân foel nei 1525 ûnder keizer Karel V. Hy liet in grut blokhûs bouwe om de Friezen yn betwang te hâlden. Dat blokhûs hat der stien oant 1580 doe't it earst foar in part ôfbrutsen waard. De stiennen waarden brûkt foar de stedswâlen. Yn 1996 binne noch stikken fan dy muorre, mar ek kanonskûgels, fûn by opgravings.
Nei dy tiid fan ferfal kamen der yn de 17e en 18e ieu wer bettere tiden, mei seefeart nei fiere lannen. Mar yn de 19e ieu rûn de stêd fierder tebek, en fan de ynternasjonale haven bleau net folle oer. Mar op toeristyske simmerdagen komt it romfolle havenstedsje wer ta libben. Op de pieren by de havenyngong stean twa havenljochten en de fjoertoer.
Nei de oanlis fan it Spoar Saandam - Inkhuzen nei Amsterdam (wêrmei't ek de Feartsjinst Starum-Inkhuzen en it spoar Starum - Ljouwert ta stân kamen, waard Starum in wichtige Suderseeehaven.
Hjoed de dei is Starum de keppeling tusken it spoar nei Snits en Ljouwert mei de boat nei Inkhuzen. De haven is no it thúsplak foar skippen fan de brune feart.
[bewurkje seksje] Foarsjennings
Troch de wettersport binne der relatyf in soad foarsjennings yn Starum te finen. Sa binne der in oantal horekagelegenheden en is der in lytse middenstân.
[bewurkje seksje] It besjen wurdich
[bewurkje seksje] Ferkear en ferfier
- Stasjon Starum is einpunt fan de ferbining tusken it spoar fan Ljouwert en Snits nei Starum.
- Feartsjinst Starum-Inkhuzen.
- Johan Frisoslûs en Slûs Starum. Skipfeart fan en nei de Iselmar.
[bewurkje seksje] Mienskip
Oan de Voorstraat stiet multyfunksjoneel sintrum De Kaap. Der is in aktiviteitekommisje en in feriening foar Pleatslik Belang. De Skutslús is de basisskoalle fan Starum, t Kwetternest is it pjutteboartersplak. De Ribbe is it sportpark fan Starum. Yn it Stavers Krantsie stiet nijs út it stedsje en omkriten.
[bewurkje seksje] Ferienings
- QVC - fuotbal
- De Ruumkramers - shantykoar
- De Lytse Súdwesthoeke - muzyk
- badmintonklub
- frouljuskoar
- gymnastykferiening
- Odulfus - hânbôgesjitten /
- Eensgezindheid - ijsclub
[bewurkje seksje] Befolking
[bewurkje seksje] Ferskaat
- De 'stichting visserijdagen' fersoarget dit evenemint.
[bewurkje seksje] Strjitten
- Achterdelft - Achterdelft even en ûneven lizze oan wjersiden fan it wetter de Achterdelft
- Bolwerk - ferwizing nei it eardere blokhûs
- Breefenne -
- Burgemeester Albertsstraat - In eardere boargemaster (1872-1901)
- Dwinger - ferwizing nei it blokhûs, rint súdeast lâns it eardere blokhûs
- Visstraat - de fisk dy't de ring werombrocht yn de sêge
- Voorstraat - De even west- en ûneven eastside fan de Voorstraat lizze oan wjersiden fan de Vorendelft
- Vrouwezand- it gefolch fan de sêge
- Havenweg - wei neist de haven
- Hellingspad -
- Jurisdictie -
- Kapiteinstraat - kaptein út de sêge
- Koeweg -
- Koggestraat - kogge is in skipstype dat wichtich wie by de hannel fan Starum. Yn de sêge komt ek in kogge foar
- Kooijweg -
- Korenstraat - nôt stiet foar de goudgiele skat út de sêge
- Meerweg - ferbining tusken Koe- en Stationsweg troch de Middenmeer
- Middelweg - ferbiningswei tusken Starum en Warns
- Noord - dit gebiet lei eartiids bûten de stêd ûngefear ter hichte fan dizze strjitte.
- Ringstraat - ring út de sêge
- Schans - ferwizing nei de eardere ferdigeningswurken. De Schans rint bylâns de eastlike 'muorre'
- Sint Odulfusstraat - ferwizing nei it troch de see ferswolge Odulfuskleaster
- Smidstraat -
- Stadsfenne -
- Stationsweg - wei bylâns it spoar
- Suderstrand - leit op it plak fan it eartiidske strân ten suden fan Starum
[bewurkje seksje] Bekende minsken út Starum
- Bernard van Haersma Buma
- Bendiks Cazemier
- Age Hains Boersma
- Andreas Cornelius
- Sybrand Marinus van Haersma Buma
- Aleid fan Gelre
- Wilhelmus à Brakel
- Johannes van Hout
[bewurkje seksje] Sjoch ek
- List fan plakken oan of yn de eartiidske Sudersee
- Beskerme steds- en doarpsgesichten yn Fryslân
- List fan boargemasters fan Starum
[bewurkje seksje] Keppeling om utens
tunezja last minute Portal turystyczny hosting projekty stron internetowych bad credit loans guaranteed approval

