Wiegels Wjukkelmasine - Wikipedy

Wiegels Wjukkelmasine

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Wiegels Wjukkels Masine wie in Fryske willepopband út Boalsert.

De groep waard oprjochte yn 1989 en bestie doe út: Bettie Beitske Okkema (sang), Gerben Gurbe Gerbrandy (gitaar en showmaster), Hein-Jaap Jabik Hilarides (toetsen), Paul Paulus Siemensma (akkordeon), Henk Hindrik Jan Wetting (bas), Willem Horjus (drums), Freddie Fêdde Weima (sang en gitaar) en Bert Binke Draaisma (gitaar). De Fryske tsjinhinger fan Jefferson Airplane set as hippieband útein yn de geast fan dy groep. Letter, yn 1989 is de muzyk is it bêst te omskriuwen as willefolk mei nûmers as ‘Wodka' en ‘Aairaaproprap', ien fan de earste Fryske hiphopnûmers. Oer it earste optreden yn it Muzykkafee fan Nijlân skriuwde Jacob Haagsma: ‘Wiegels Wjukkelmasine spile in grienmank fan oersette 'covers' mei in absurdistyske presintaasje'. Se sieten letter ek foar in diel yn de orgainisaasje fan dit festival.

De groep hat dochs súkses en bringt twa cd's út mei derop hits lykas ‘Wachtsje yn de rein' (hat in fêst plak yn de Fryske Top 100) en ‘Unwis'. Dernei giet it hurd: Wiegels Wjukkelmasine spilet yn it foarprogramma fan De Dijk, Raymond van het Groenewoud en op alle grutte festivals yn Fryslân. Yn 1993 ferlitte Willem Horjus, Freddie Weima en Gerben Gerbrandy de groep. Thijs Tyske de Boer (drums) en Egbert van der Werf (zang) komme foar harren yn it plak. De band hellet earst Wiegel's as foarheaksel en gie dan oer yn de Wjukkels. Yn 1994 hâldt Wiegels Wjukkelmasine der mei op. De leden fan de groep bliuwe aktyf yn de muzyk en spylje of hawwe spile yn ferskate bands, sa as Om'e Noard, Willehúske, Sebeare, The Rebound Boogie Band en Xigatze. Yn 2009 wie der noch in reunyoptreden op Aaipop.

[bewurkje seksje] Diskografy

  • Krekt as Doe (1994)
  • CdK (1991/1992)
  • Etalaazjepop (1993)

[bewurkje seksje] CD's mei oaren

  • Aaipop (1992)
  • De Beste fan Omroep Fryslân, diel 2 (1993)
  • Juster hjoed of moarn (1995)
  • Fryslân muzyklân, 2 (2001)
  • Ald & nij, diel 1 (2001)
  • Fryslân muzyklân 4 (2003)
  • It bêste út de Fryske Top 100 fan Omrop Fryslân (2006)


budowanie serwisów peruka Sejfy ZMA fundament